Sjauffeur brutsen noas slein

Busstasjon Winsum © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Snits. Yn de nacht nei snein 1 april sloech ien de sjauffeur fan in taksybuske in brutsen noas. De 22-jierrige sjauffeur út Stiens hie flak dêrfoar it fersyk krige stappers nei Wjelsryp te bringen.
De mishanneling barde op de hoeke fan de Parkstrjitte/Prins Hendrikstrjitte yn Snits. In 22-jierrige passazjier út Wjelsryp waard ek mishannele troch it groepke fan fjouwer. Fan ien fan de dieders is bekend dat er twa earbellen yn ien ear hat.