Banen fuort by SC Hearrenfean

18 apr 2012 - 20:32
  • It Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean

By in reorganisaasje fan SC Hearrenfean ferdwine 20 banen. It personiel is woansdei op de hichte brocht fan de maatregels. Under oare treft it de minsken dy't by de televyzje-ôfdieling wurkje, mar fierder is it oer de hiele breedte fan de organisaasje. De klup is al in skoft dwaande om de finansjele situaasje op oarder te bringen. De lêste jierren is it personielsbestân fan de klup groeid fan goed 100 seis jier lyn, nei 140 no. Reden fan de reorganisaasje is dat der troch de krisis folle minder sponsorjild binnenkomt.

Neffens de klup hat it opstappen fan kommersjeel direkteur Van Erve earder dizze wike, neat mei de reorganisaasje te krijen. Foar it personiel dat fuort moat is in fertrekregeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)