Ljouwert krijt Van der Valk

18 apr 2012 - 17:43

Der komt in nij Van der Valk-hotel yn de Ljouwerter wyk de Súdlannen. Tongersdeitemiddei tekenje de gemeente en de direkteur fan Van der Valk dêrfoar in oerienkomst.

Yn de keap sitte tsien hektare grûn en it gemeentlike monumint Buma State. De ôfspraak is dat Buma State renovearre wurde sil en dat ek de terp behâlden en ûnderhâlden wurde sil. Van der Valk socht al jierren om in plak yn Ljouwert om in hotel te bouwen. It hotel sil oer sa'n twa jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)