Mooglik sluting skoallen SWF

Fiif lytse skoallen yn Súdwest-Fryslân wurde bedrige mei sluting. It giet om de skoallen fan It Heidenskip, Sondel, Ealahuzen, Molkwar en mooglik dy fan Nijemardum. Dat meldt de Ljouwerter Krante. De skoallen falle ûnder de koepel fan De Nije Gaast dêr't meielkoar 15 skoallen by sitte.
Lytse skoallen binne yn ferhâlding folle djoerder as grutte skoallen en no't besunige wurdt troch it ryk, kin dat net mear betelle wurde. De skok by de skoallen is grut, omdat se eins allegear noch boppe de opheffingsnoarm fan 23 learlingen sitte.
Algemien wurdt de skoalle sjoen as in binend elemint yn it doarp.
Yn It Heidenskip is in kommisje gearstald dy't besjen wol oft der ek alternativen binne foar de sluting. Johannes Oenema fan dy kommisje seit dat de konsekwinsjes fan de sluting fan de skoalle ek grut wêze kinne foar it doarpshûs. De skoalle hiert it doarpshûs no noch foar de gymnastyklessen. Yn Molkwar wurdt woansdeitejûn noch fergadere mei ferskate ferienings oer de konsekwinsjes fan it ticht gean fan de skoalle. Jurjen Faber fan de âlderried seit dat it doarp him dêr net samar by dellizze sil.
De koepelorganisaasje De Nije Gaast wol net earder as freed wat foar de radio sizze oer de sluting fan de skoallen, omdat woansdeitejûn en tongersdei noch wer nije ynformaasjegearkomsten binne foar âlden.