"Minsken evakuearje by steuring REC"

08 feb 2016 - 09:28

It is hiel goed mooglik dat by in steuring yn de REC yn Harns minsken yn de buert evakuearre wurde moatte. Der kin dan tefolle sâltsoer út de piip komme en as de reek mei bepaald waar nei ûnder slacht, is der grutte kâns op permaninte skea oan de longen. Minsken yn it gebiet soene dan gasmaskers op hawwe moatte. Dat skriuwt miljeusaakkundige Johan Vollenbroek yn syn rapport oer de REC, nei oanlieding fan de ferhege dioksine-útstjit ferline jier.

"Aversie tegen handhaven"

Eins is it in wûnder dat der noch gjin slimme ûngemakken west hawwe sûnt de ôffaloven yn bedriuw is, seit er. Der binne struktureel technyske problemen, der is keazen foar in goedkeape ynstallaasje, der is in probleem yn de hâlding fan it management en der is gjin goed tafersjoch.

"Het lijkt alsof de FUMO ( Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing, red.) en de provincie een aversie hebben tegen handhaven", seit Vollenbroek, dy't yn de begeliedingsgroep sit. Dizze groep, mei dêryn GGD, toksikolooch Arkenbout, Harlingen Seaport Business Association en doarpsbelangen, advisearret de gemeente en provinsje oer noch út te fieren luchtkwaliteitsûndersiken.

Skokkend

Der komme lykwols hieltyd mear soarchlike saken foar it ljocht. "Af en toe kom je gekke dingen tegen, maar hier kom je overal waar je in duikt alsmaar gekke dingen tegen", seit Vollenbroek dy't mei syn miljeubedriuw al in soad ovens ûndersocht hat en jildt as in ekspert op it mêd fan útstjit en miljeuwetjouwing.

Foaral it feit dat der by it opstarten fan de ôffaloven gebrûk makke wurdt fan in bypass fynt hy skokkend. "We weten dus niet hoe vaak en hoeveel dioxine en andere giftige stoffen bij een storing of tijdens het opstarten de afgelopen vijf jaar ongefilterd de lucht ingeblazen zijn".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)