Gjin sneltsjinst nei Flylân

De rappe boat fan Doeksen © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Yn ferbân mei de waarsomstannichheden, skrast rederij Doeksen moandei de sneltsjinst nei Flylân. It giet om de tsjinsten fan 17.20 oere en 18:55 oere. Der wurdt gjin ferfangende feartsjinst ynset.
De feartsjinst nei Skylge giet wol neffens tsjinstregeling.
It KNMI hat koade giel ôfjûn foar Fryslân en it Waadgebiet fanwegen swiere wynstjitten. Yn it Waadgebiet wurde útsjitters fan 80 oant 100 km de oere ferwachte.