'Holwert oan See' lûkt lânskipsarsjitekt oan

Ympresje fan Holwert oan see
Lânskipsarsjitekt Adriaan Geuze wurdt adviseur fan de wurkgroep Holwert oan See. Geuze is ferneamd foar syn ûnderskiedende ûntwerpen en de prizen dy't er dêrmei wûn hat.
Dit wykein wie Geuze útnoege om yn de kunde te kommen mei de minksen yn de wurkgroep. Nei in dei deroer neitinken en in rûngong troch it doarp, hat er syn meiwurking as adviseur tasein. Doel is om ferskate terpen troch lânskipskeunst mei-inoar te ferbinen. Ek moatte ferhalen oer doarpen, terpen en tsjerken yn Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân ferteld wurde.
Holwert oan See moat hjirfan it middelpunt wurde.