Museum Warkum hat sinten foar útwreiding byinoar

07 feb 2016 - 16:43

It museum Warkums Erfskip yn Warkum is wer in stap tichterby de útwreiding. De Waach dêr't it museum sit, moat in startplak wurde om Warkum te belibjen, sa't se it sels omskriuwe. Dêrfoar binne ferskate jildsjitters fûn. In projektburo kin no oan de slach mei de útwurking fan de plannen.

Dit foarjier is yn de Waach in eksposysje te sjen oer opgravings fan pleatslike amateur-archeologen. It museum giet dit seizoen earder ticht as oare jierren. Dat is nedich om it wurk útfiere te kinnen. Yn april takom jier moat de werynrjochting klear wêze.

Trefwurden: 
Museum Warkums Erfskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)