Bargen wrotte it lân om, boer kin ploech stean litte

07 feb 2016 - 15:18

Yn Appelskea wurde de kommende wiken bargen ynset om it lân fan in boer om te wrotten. Neffens de inisjatyfnimmers is dat better foar it miljeu en it lân. It besparret de boer ek noch wurk. Tamworthbargen dogge it wurk, want sy kin goed oer min waar. De bisten moatte yn fjouwer wiken tiid goed in bunder 'omploegje'. Doel is dat mear boeren de nije oanpak tapasse sille.

De inisjatyfnimmers fan it bedriuw De Woeste Grond freegje de boeren wol in finansjele fergoeding foar it wurk. It fleis fan de bargen wurdt úteinlik ek ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)