KNMI warskôget foar hurde oant stoarmige wyn

© ANP
It KNMI hat foar moandei koade giel ôfjûn fanwege hurde oant stoarmige wyn. Dêrby kinne wynstjitten tusken de 75 en 90 kilometer yn 'e oere foarkomme. Oan see kin de wynkrêft oprinne ta 90 oant 100 kilometer yn de oere. Moandeitenmoarn kinne út en troch buien oer it lân lûke, mei kâns op hagel en tonger.
De wyn nimt eefkes wat ôf, mar kin middeis al wer tanimme oant frij krêftich, oan see en op 'e Iselmar oant stoarmich.