Hakim Ziyech grutte man yn Abe Lenstra stadion

06 feb 2016 - 22:39
  • Hakim Ziyech nei syn goal

SC Hearrenfean hat sneon yn in thúswedstriid mei 3-1 ferlern fan FC Twente. De ploech fan Foppe de Haan kaam yn 'e 14e minút op in 1-0 foarsprong nei in grutte flater fan Nick Marsman. De doelman fan FC Twente liet in foarset los en Henk Veerman koe maksimaal profitearje.

Krekt foar it skoft kaam FC Twente op likense hichte. Ut in frije traap fan Hakim Ziyech kopte Bruno Uvini de lykmakker tsjin de touwen. Dêrnei gie it mis. Joost van Aken krige in reade kaart en troch goals van Cabral en Hakim Ziyech wûn FC Twente de wedstriid mei 3-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)