Brûns foar Sjinkie Knegt op 1500 meter yn Dresden

06 feb 2016 - 17:09

Shorttracker Sjinkie Knegt hat sneon it brûns pakt op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Dresden. Yn de finale gong de rider út Bantegea ûnderút en wie dêrtroch kânsleas foar de oerwinning. Troch sjuerystraffen foar de Hongaar Sandor Liu en de Kanadees François Hamelin wie der úteinlik dochs noch in tredde plak foar Knegt. De winst gong nei de Súd-Koreaan Jiwon Park, it sulver wie foar syn lângenoat Se Yeong Park.

Knegt wie de grutte favoryt foar it goud op de 1500 meter, nei't er oertsjûgjend de heale finale mei romme foarsprong wist te winnen. De falpartij smiet lykwols de boel yn de hobbel.

Yn it wrâldbekerklassemint op de 1500 meter giet Sjinkie Knegt noch altyd oan de lieding. Takom wykein yn Dordrecht is de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)