Ynbrekker sit op bankje as plysje him arrestearret

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is sneontemoarn in 26-jierrige man oanhâlden foar ynbrekkerij. Ien hie sjoen dat der ynbrutsen waard op de Eikenstraat en de plysje warskôge. De tsjûge koe in goed sinjalemint jaan fan de ynbrekker. De plysje seach de man op in bankje sitten op de Pasteurwei. Yn in ôffalbak by it bankje lei ynbrekkersark.
De plysje ûndersiket de saak. Se kinne dêrby wol mear ynformaasje brûke. Minsken dy't mear witte fan de ynbrekkerij oan de Eikenstraat, sneontemoarn om sawat 11 oere, kinne mei de plysje belje.