Omrop TIP: Fan opfang nei fangnet

07 feb 2016 - 08:03
  • Flechtingen krije les

We sjogge de bylden alle dagen foarbykommen. Geweld, konflikt en diktatuer bringe de wrâld op ‘e drift. Flechtlingen komme manmachtich nei Europa. Se wurde opfongen en holpen troch organisaasjes as it Reade Krús en ek boargers sette harren yn by de earste opfang. Klean wurdt brocht, bêden delset.

Wat bart dêrnei?

Wa binne der om de nije boargers de Nêderlanske mienskip yn te loadsen? Wa helpt se mei de taal, de juridyske saken en de gewoane saken fan it deistich libben? Vluchtelingenwerk nimt in grut part fan dy taken op him. Mei in soad frijwilligers sette sy harren yn foar de flechtlingen.

Frijwilligers

Yn dizze Fryslân DOK folgje wy it wurk fan in tal frijwilligers. De dokumintêre ‘Fan opfang nei fangnet, de frijwilligers fan Vluchtelingenwerk’ lit sjen wat harren beweecht, wat se betsjutte foar de asylsikers en hokker problemen sy tsjinkomme yn harren wurk.

Wêr en wannear te sjen

De dokumintêre 'Fan opfang nei fangnet, de frijwilligers fan Vluchtelingenwerk' is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Telefyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)