Stoflik omskot fûn yn ôfbaarnde wente yn Noardwâlde

Yn de ôfbaarnde wenning oan de Oosterveldsewei yn Noardwâlde hat de plysje sneontemiddei om ien oere hinne in stoflik omskot fûn. De plysje hâldt der rekken mei dat it giet om de 83-jierrige bewenner. Der wurdt besocht it lichem sa gau as mooglik te bergen, om de identiteit fêststelle te kinnen.
Der wurdt ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân. Dy ûntstie om tolve oere nachts hinne. Doe't de brânwachtkorpsen fan Noardwâlde, Vledder en Aldeberkeap oankamen, wie der gjin rêden mear oan.