Drok sealfuotbaltoernoai foar ferstanlik beheinden

06 feb 2016 - 13:07
  • G-sealfuotbaltoernoai

Trijehûndert ferstanlik beheinden binne sneon fan de partij op it 22e G-sealfuotbaltoernooi yn Sportstad Hearrenfean. Sechstich teams stride foar de titel. It is de earste kear dat der ek teams fan bûten de provinsje meidogge. Njonken de fuotbalwedstriden kinne dielnimmers ek sjen litte hoe hurd oft se sjitte kinne.

Op it sealfuotbaltoernoai rinne ek ferskate steateleden om. Sy krije ynformaasje oer sport foar minsken mei in beheining, bygelyks hoefolle oanbod oft der is en hoefolle minsken oft der gebrûk fan meitsje.

Sa kinne se sjen wêr't der protte ferlet is fan hendikeptesport yn de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)