Plysje hâldt ferskate drankriders oan

(foto-ympresje) © ANP
De plysje yn Fryslân hat freedtenacht fiif drankriders oanhâlden. In 32-jierrige snorfytser út Ljouwert waard op de Burmaniastrjitte oan de kant set. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en moat in kursus folgje. Itselde jildt foar in 19-jierrige snorfytser dy't op de Jansoniusstrjitte oanhâlden waard. In 36-jierrige automobilist út Garmerwolde waard op de Oostergowei oanhâlden.
Op 'e Lemmer waard in 27-jierrige automobilist oan de kant set. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. In 50-jierrige man út Terwispel is op de Alde Dyk oanhâlden.