Ien persoan fermist by útslaande brân Noardwâlde
De brânwacht is benaud dat der ien persoan om it libben kaam is by in útslaande brân yn in frijsteande wente oan de Oosterseveldweg yn it bûtengebiet fan Noardwâlde. It wie net bekend oft de al wat âldere man thús wie of net en it wie te gefaarlik om it hûs yn te gean. De wente is folslein ferlern gong.
De earste melding wie eefkes nei tolve oere nachts. Doe't de brânwacht oankaam, wie der al neat mear te rêden. De korpsen fan Noardwâlde, Vledder en Aldeberkeap binne ynsetten. De plysje siket sneon yn it hûs nei de fermiste bewenner.