Hitsum krijt 178 sinnepanielen

18 apr 2012 - 14:25

Yn Hitsum, in doarp mei 250 ynwenners, wurde ynkoarten 178 sinnepanielen pleatst. Sûnt 1994 hat Hitsum in eigen wynmûne en mei de opbringsten dêrfan krije doarpelingen 30 persint koarting op de oanskaf fan de sinnepanielen.

It doarpshûs krijt fan de wynmûneferiening fergees 24 panielen, in ynvestearring fan 12.000 euro.

Trefwurden: 
duorsum sinnepanielen Hitsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)