Fraachtekens oer 60-kilometerdyk fan Bûtenpost nei de A7

05 feb 2016 - 22:41

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol witte wêrom't deputearre steaten ûndersyk dwaan wol om de Skieding - de dyk fan Bûtenpost nei de A7 by Drachten - in 60-kilometerdyk te meitsjen. It is no in 80-kilometerdyk.

De gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân hawwe al oanjûn dat in 60-kilometerdyk net goed wêze soe foar de leefberens en de bedriuwichheid fan Noardeast-Fryslân. Yn de provinsjale plannen foar de N358 stiet neffens de fraksje neat oer foarnimmens om de dyk yn te rjochtsjen yn in 60-kilometerdyk.

Fierder wol de fraksje witte yn hoefier't de bewenners by de plannen belutsen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)