Suvelfabryk wol mear molke fan Fryske biologyske boeren
Suvelfabryk Royal A-ware wol mear molke keapje fan Fryske biologyske boeren. De fraach nei biologyske produkten is de ôfrûne tiid bot tanaam en derom is der ferlet fan mear oanfier.
De molke sil ûnder oaren brûkt wurde foar biologyske tsiis en yochert.