Marit Bouwmeester: "Allinnich goud telt op Spelen fan 2016"

It is it jier fan de wierheid foar sylster Marit Bouwmeester fan Warten. De Friezinne is drok mei de tarieding foar it Europeesk kampioenskip en noch wichtiger fansels, de Olympyske Spelen yn Rio letter dit jier.
Bouwmeester sels kin net wachtsje oant it sa fier is. Se seit dat se noch altyd wolris werom tinkt oan it twadde plak fan 2012, op de Olympyske Spelen yn Weymouth. Dat wie foar de fanatike Bouwmeester net genôch. Allinnich it goud telt dit jier.
De sylster fertelt dat se yn de tuskentiid wol 'folwoeksener' wurden is: It draait net allinnich mear om snelheid, mar ek om in 'tûke' oanpak fan de race. Bouwmeester is klear foar de Spelen, seit se.