Winamers kinne fluitsje nei skeafergoeding troch sâltwinning

05 feb 2016 - 20:00

Ynwenners fan Winaam hoege sa't it no liket net te rekkenjen op in skeafergoeding foar de sâltwinning yn it gebiet. Foar boeren en oanpassings oan it wettersysteem is jild regele en wurde maatregels naam. Boargers moatte soks sjen te regeljen fia de Technische Commissie Bodem Beweging. Dy ûndersiket de saak en jout in advys.

De proseduere smyt lykwols neat op. Fan alle fiif ûndersochte skeagefallen yn en om Winaam is der gjinien dêr't de kommisje fan bewize kin dat de skea komt troch de sâltwinning, sa seit de stichting Winamer Belang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)