KH: Ljouwert beslút yn maaie

Pas yn maaie sil dúdlik wurde oft in mearderheid yn de ried fan Ljouwert ree is om jild út te lûken foar de Kulturele Haadstêd. Yn de kommisjegearkomste fan tiisdei sprutsen allinnich PAL/GrienLinks en de FNP har út foar de Kulturele Haadstêd. Alle oare partijen wiene tsjin of makken in foarbehâld fanwege de kosten fan it projekt.
"Ynhâldlik binne wy wol foar de Kulturele Haadstêd, mar ik kin no net ynskatte oft de gemeente Ljouwert it wol betelje kin", seit Sjoerd Feitsma fan de PvdA, de grutste partij yn de ried fan Ljouwert.
De PvdA sil op 21 maaie iepenbiere jûn hâlde oer it tema Kulturele Haadstêd. Pas nei dy jûn sil de fraksje in definityf stânpunt ynnimme. Dat stânpunt sil ek ôfhingje fan de finansjele gefolgen fan de 'Catshûs-besunigings' foar de gemeente. Njonken de PvdA hawwe ek CDA en ChristenUnie noch gjin definityf stânpunt ynnommen. VVD, SP, D66 en Feriene Lofts binne tsjin it projekt Kulturele Haadstêd.