FIDEO: "Leechsteand kafee moat húskeamer fan Ferwert wurde"

It leechsteande kafee It Hoekje yn Ferwert moat de húskeamer fan it doarp wurde. Dat seit Frans Schreiber, ien fan de inisjatyfnimmers fan de plannen oer de takomst fan it fallite kafee. Se wolle mei in koöperaasje jild byinoar krije foar in nije start en elkenien is wolkom om mei te dwaan.
Trije fan de inisjatyfnimmers sieten freed mei in bakje kofje yn it kafee nei te genietsjen fan it sukses fan de gearkomste de jûns derfoar. It entûsjasme fan de doarpsbewenners foar de plannen wie sa grut dat se der hast net fan sliept ha.