Reedrydmuseum yn Hylpen digitalisearret folsleine kolleksje

05 feb 2016 - 17:14

De folsleine kolleksje fan it Reedrydmuseum yn Hylpen wurdt digitalisearre. It doel is dat alles aanst foar elkenien werom te finen is op ynternet. It giet net allinnich om papierwurk en foto's, mar ek om guod fan reedriders, lykas redens, prizen en stimpelkaarten.

De earste 4000 stikken sitte al yn de kompjûter, tûzenen oare wachtsje noch yn it argyf. Argivaris Mark Hilbert is fjouwer oant fiif dagen yn 'e wike dwaande mei it digitalisearjen. Hy ferwachtet oer trije jier klear te wêzen mei it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)