Kleurde ierappels fan HZPC winne gjin ynnovaasjepriis

Ierappels mei in kleurke
De kleurde ierappels fan ierappelbedriuw HZPC op De Jouwer binne freed net yn 'e prizen fallen op de beurs Fruit Logistica yn Berlyn. De saneamde Perupas wiene nominearre foar in ynnovaasjepriis. De reade, pearse en rôze ierappels komme út Perû.
It genetyske boarnemateriaal is in pear jier lyn nei Fryslân helle. Nei oanpassingen kinne de ierappels no ek yn de Nederlânske grûn ferboud wurde. De ynnovaasjepriis gie nei in kokosnút, dêr't it gatsje foar it reidsje al yn kweekt is.