Kamera's by spoarwei-oergong
By de spoarwei-oergong op de Oostergowei yn Ljouwert komme kamera's. Spoarbehearder Prorail docht dit nei oanlieding fan in ûngelok ferline wike. In 84-jierrige man ferstoar doe nei't er tsientallen meters meisleept wie troch de trein doe't er troch de spoarbomen riden wie. Neffens Prorail is de oergong wol feilich.