Kevin van Veen yn basis by Cambuur

05 feb 2016 - 13:11
  • Kevin van Veen offisjeel nei SC Cambuur

Kevin van Veen begjint snein yn de basis by Cambuur yn de útwedstriid tsjin FC Grins. De spits kaam dizze wike oer fan it Ingelske Schunthorpe. Hy like moandei al blessearre ôf te heakjen yn in oefenwedstriid fan Jong Cambuur, mar it falt allegear ta. Van Veen is fit en spilet. Rai Vloet spilet op it middenfjild. Houtkoop (hamstring) en Barto (foet) kinne net spylje. Ek Sjoerd Overgoor is noch altyd net topfit. Hy kin net in hiele wedstriid spylje. Cambuur spilet no om De Graafschap foar te bliuwen en yn goeie foarm de neikompetysje te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)