Personiel Noppert sit thús

18 apr 2012 - 14:02

In grut part fan de 120 man personiel fan Noppert op It Hearrenfean sit thús. Tiisdeitenacht binne alle slotten ferfongen. De minsken kinne net by it materiaal en kinne dus net oan it wurk. De produksje op It Hearrenfean leit stil.

Der wurdt drok oerlein by Noppert op It Hearrenfean. De kurator hie woansdei oerlis mei de direksje. Tiisdei waard bekend dat it bedriuw yn swierwaar sit.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)