Foppe feroaret neat tsjin Twente

05 feb 2016 - 12:48

SC Hearrenfean sil tsjin Twente yn deselde opstelling úteinsette as yn de lêste twa wedstriden tsjin Feyenoord en Cambuur. Om fan Hearrenfean in stabile ploech te meitsjen wol Foppe de Haan sa min mooglik feroarje.

By Twente komt it gefaar benammen fan âld-Hearrenfean spiler Hakim Ziyech. Ziyech is by mear as de helte fan alle doelpunten belutsen. "Ziyech is, hoe raar dat miskien ek klinkt, op syn gefaarlikst as wy de bal ha", sa seit Foppe de Haan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)