Meardere drankriders oanhâlden yn Ljouwert

05 feb 2016 - 11:56

By meardere alkoholkontrôles hat de plysje ôfrûne nacht trije minsken pakt dy't mei drank op achter it stjoer sieten. In 24-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp waard betrape doe't er yn syn auto troch de Coopmanstrjitte yn Ljouwert ried.

In 17-jierrige bromfytser waard kontrolearre op it Wilhelminaplein. Hy hie ek tefolle dronken. In frou fan 36 jier út Ljouwert waard mei har auto oan de kant setten op de Wergeasterdyk yn de stêd. Sy hie safolle dronken dat har rydbewiis yn beslach naam waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)