Learlingen Liudger Technasium betinke ljochtkonsept

05 feb 2016 - 11:33

Fjouwer learlingen fan CSG Liudger yn Drachten binne troch nei de regiofinale fan de Technasium Top Award. Tongersdei wie der in skoalfinale. De learlingen moasten in ljochtkonsept betinke foar in gebiet yn Smellingerlân. Dêrby wie it wichtich dat de ferljochting him oanpast oan it ferlet oan ljocht op elts part fan de dei. 

De learlingen fan CSG Liudger meie dêrom nei de regiofinale yn Harns op 16 febrewaris. De winner dêrfan giet troch nei de lanlike finale. It tema fan de Technasium Top Award is dit jier 'slimmer verlichten'. 

De wedstryd wurdt alle jierren hâlden foar de twadde klassen fan it technasium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)