Minister Bussemaker op wurkbesite yn Fryslân

05 feb 2016 - 11:14
  • Minister Jet Bussemaker

Minister Jet Bussemaker bringt no moandei in wurkbesite oan Fryslân. Sy wol yn de kunde komme mei praktykûnderwiis op ROC De Friese Poort.

De minister begjint har besite oan it Bedriuws Opliedings Sintrum by De Vries Skipsbou yn Makkum. Dat bedriuw wurket al sûnt 2011 gear mei De Friese Poort. Dêrnei praat de minister mei ûnder oaren dosinten en it kolleezje fan bestjoer fan ROC Friese Poort.

Bussemaker docht moandeitejûn ek de offisjele iepening fan it nije poppoadium Neushoorn. It poppoadium is al in tal moannen iepen, mar sil no dus offisjeel iepene wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)