Ien himpkonvenant foar Noard-Nederlân

De plysje, it Iepenbier Ministearje, it UWV, wenninboukorporaasjes en gemeenten sille meielkoar gearwurkje om de himpteelt yn Noard-Nederlân oan te pakken. Dy gearwurking is fêstlein yn in konvenant. Neffens de organisaasje hat de teelt fan himp in grutte flecht nommen en soarget foar kriminaliteit, oerlêst en fertutearzing.
De belutsen partijen hawwe ôfpraat, dat se mekoar ynformearje as se tinke dat der earne himp ferboud wurdt. De plysje kin dan in ûndersyk ynstelle.
Optrede
De gearwurking moat it makliker meitsje om op te treden tsjin minsken dy't har skuldich meitsje oan himpteelt. Dan giet it net allinnich om ferfolging, mar ek om it ôfsluten fan in gebou of de elektrisiteit en om it stopsetten fan in útkearing, it ynlûken fan fergunnings of it ferheljen fan eventuele skea.
Kwekerijen wurde grutter 
Ut resinte sifers fan de plysje docht bliken dat der ferline jier 192 himpkwekerijen oprôle binne yn Fryslân. Dat wiene der yn 2014 noch 238. In flinke delgong dus. De wearde fan de opbringst is lykwols tanaam. Waard der yn Fryslân yn 2014 foar 1,3 miljoen oan himp oprôle, yn 2015 wie dat 1,8 miljoen. In taname fan in heal miljoen euro dus.
De plysje seit dat de kwekerijen hieltyd grutter en profesjoneler wurde.