Kollum: "Poepe yn bad, magdaaaat?"

05 feb 2016 - 08:36

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Ofrûne wike hie ik wer ris in kranteferkeaper oan de telefoan. It is al mear as twa jier lyn dat ik myn abonnemint op de krante opsein ha en sûnt dy tiid krij ik hast alle moannen wol in telefoantsje mei de fraach oft ik wer abonnee wurde wol. Op myn ôfwizende antwurd krij ik standaard de fraach wêrom dan net. Omdat ik der gjin tiid foar ha, sis ik dan. Meastal is it petear dan rap klear, mar dit kear hie ik in fanatyk ferkeapersjonkje oan de telefoan.

"Mevrouw", sei er, "wat dacht u dan van het weekend abonnement? Dan krijgt u de krant alleen in het weekend." Sels dan ha ik gjin tiid, fertelde ik. Dat bestie net, fûn er. "Hoe begint u dan uw zondag?" frege er nijsgjirrich. Dus ik fertelde dat ik sneintemoarns altyd myn dei begjin mei Villa Achterwerk. Ik hearde him gnizen oan de oare kant fan de lijn. "Dat meent u niet", rôp er.

Mar it is echt wier. Op sneintemoarn sit ik altyd braaf foar de buis. Mei hast tritich op de teller bin ik noch altyd grut fan fan Villa Achterwerk. Krekt as froeger lis ik langút op de bank, plaidsje oer en in kûmke M&M’s op skoat. Bytsje bekomme en wat útkaterje fan de sneontejûn. Werklik wier, better begjin fan de snein is der net.

As lyts famke wie’k al ferslaafd oan Villa Achterwerk. Foaral de fameuze presentatoren Pé en Trud makken grutte yndruk op my. Trud mei in d, want mei in t koe fansels net op snein. Letter waarden dat de drie dikke dames en doe kamen Roos en de mannen. Mei dy roze koeken, ommers. Geniaal fûn ik de programma’s dy’t se by Villa Achterwerk makken. Fan it licht seksistyske Purno de Purno oant it hiel wat serieuzere Zaal in Huis, dêr’t presentator Rick Zaal op besite gong by bern mei in bysûnder ferhaal.

Mar it aldermoaiste fûnen wy thús Rembo en Rembo. Mei dy heechblonde Tampie dy’t in grutte brune pleister op de bril hie en kontinu OHJAJOH! rôp. Of de famylje Magdat, dy’t ús goede manieren bybrocht. ‘Poepen in bad. Magdaaaat?’ En noch altyd binne de programma’s fan Villa Achterwerk prachtich. Ik sit tsjintwurdich plat foar de Taarten van Abel, Weekend met Willy en de Beestie Boys.

It iennichste ferskil mei froeger is de reklame. Yn de jierren njoggentich krigest in hantsjefol reklamespotsjes te sjen. Foar de famkes ien fan de nijste Baby Born poppe, dy’t echt gûle koe en neidast der boppeyn wetter yn griemt hiest, ek echt pisje koe. Foar jonges hold it wol sa’n bytsje op by lego en de nijste KNEX.

Mar tsjintwurdich moat ik de kop der by hâlde as de reklames begjinne. De gekleurde My little pony-hynderkes fan eartiids binne no dyn Special Rainbow Friends. Kinst boppedat Cutie Mark Chunks sammelje om de stâl te fersieren. Cutie Mark Chunks. Jawol. En jonges kinne oan de slach mei de Mix and Match Mutations. Ik kin it net iens útsprekke, lit stean dat ik wit wat it is.

Dit hiele ferhaal fertelde ik dus ek oan de kranteferkeaper, dy’t myn pleidoai ferbjustere oanhearde. "Dus u bent bijna dertig, maar kijkt op zondagochtend nog altijd naar Villa Achterwerk", konkludearre er. Ja, sei ik. En doe kaam it meast geniale antwurd dat er betinke koe. “Mevrouw, misschien bent u dan tóch niet helemaal de doelgroep van onze krant." Ik bin benijd oft se my noch wer ris belje sille.

Noflike freed!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)