Undersyk nei 'seemyn' stillein

18 apr 2012 - 12:25
  • Bom yn it wetter

It ûndersyk nei de seemyn dy't op 1 april nei alle gedachten as grap fûn waard yn de stedsgrêft oan de Westersingel yn Ljouwert wurdt stillein. Neffens boargemaster Ferd Crone binne der op dit stuit gjin oanknopingspunten mear om fierder te gean mei it ûndersyk.

Crone liet op de dei sels witte dat hy der alles oan dwaan woe om de dieders te achterheljen. As der wer nije ûntwikkelings binne, dan sil it ûndersyk wer fierder gean, sa lit Crone witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)