Ferwerters wolle jild stekke yn leechsteand doarpskafee

In mearderheid fan de ynwenners fan Ferwert is foar it plan om it leechsteande doarpskafee oan te keapjen. Dat die tongersdeitejûn bliken op in drok besochte ynformaasjegearkomste yn de Liudgertsjerke fan Ferwert. Foar de oankeap en it opknappen fan it kafee is 180.000 euro nedich. Doel is dat dat bedrach troch safolle mooglik minsken byelkoar brocht wurdt, sadat ek minsken mei in smelle beurs meidwaan kinne.
Trije jier leech
It kafee fan Ferwert stiet al trije jier leech. Neist in brún kafee, moat it yn de takomst ek in ytkafee en snackbar wurde. Ek moat de boppeseal wer iepen.
Koöperaasje
De betinkers fan it plan sille no in koöperaasje oprjochtsje dy't de oankeap fierder regelet. Se sille ek op syk nei in eksploitant. Doel is dat it kafee noch foar de simmer iepen giet.