Harkemase Boys ferlingt kontrakt fan njoggen spilers

04 feb 2016 - 20:39

Fuotbalklup Harkemase Boys hat it kontrakt fan njoggen spilers út de hjoeddeiske seleksje ferlingd. Klaas Schotanus, Robin Huisman de Jong, Arton Musliu, Rolf Dijk, Robert Stelpstra, Oebele Schokker, Erick Jansema, Jesse Renken en Henny Bouius spylje ek takom jier yn de kleuren fan de ploech fan De Harkema.

Schokker, Jansema, Renken en Bouius hienen al in kontrakt oant en mei it seizoen 2016/2017.

Yn totaal ha de njoggen spilers 726 offisjele wedstriden foar Harkemase Boys spile. Op ien spiler nei kamen de fuotballers dit jier yn elke wedstriid yn aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)