Huzen gemiddeld 187.000 euro

18 apr 2012 - 12:01

De gemiddelde keapsom fan in wenning yn Fryslân is op dit stuit 187.000 euro. Dat is in lytse trije persint minder as in jier lyn. Dat docht bliken út sifers fan it Kadaster oer it earste fearnsjier. Lanlik sakke de keapsom mei in lytse twa persint.

Yn Fryslân waarden yn de earste trije moanne fan dit jier 792 huzen ferkocht en dat is mar leafst 23 persint minder as in jier lyn. Gemiddeld yn Nederlân is it ôfnimmen fan it tal ferkochte huzen yn de earste trije moanne goed 15 persint.

Trefwurden: 
huzen keapsom
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)