Museum Volkssterrenwacht yn Burgum siket frijwilligers

04 feb 2016 - 18:42

Streekmuseum Volkssterrenwacht yn Burgum is driuwend op syk nei frijwilligers. It museum hat in grut ferskaat oan fakatueres op har webside pleatst. Der wurdt ûnder oare socht nei in 'fondsenwerver' en in 'educatief medewerker'. It museum hopet mei de nije frijwilligers profesjoneler te wurden.

Nei de krisis moatte musea hieltyd faker fûnsen oansprekke om harren holle finansjeel boppe wetter te hâlden. In frijwilliger dy't kennis en kunde hat fan it binnen heljen fan fûnsen en subsydzjes is dus fan herte wolkom yn Burgum.

De stjerrewacht wurket foar in grut part mei frijwilligers. Allinnich de behearder is in betelle krêft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)