FIDEO: Ferlerne trouring is nei tolve jier werom
Gelok yn Appelskea tongersdei. Nei hast tolve jier hat Evert Dijkstra syn trouring wer werom. Dy ferlear hy op fakânsje yn Giethoorn. In ynwenner fan Meppel fûn him ferline wike by tafal mei in metaaldetektor. Hy die in oprop en koe him tongersdei werombringe by it Fryske pear dat dit jier ek noch 50 jier troud is.