Diskoteken Feu en Champino yn Drachten kinne wer iepen

De diskoteken Feu en Champino yn Drachten kinne fuortendaliks wer iepen. Boargemaster Van Bekkum fan Smellingerlân jout se in nije hoarekafergunning. De diskoteken wiene de fergunning kwytrekke, neidat der in nije eigener kaam wie. Dy moast ek in nije fergunning oanfreegje. Dat waard him earst wegere, omdat der twivele waard oan syn yntegriteit.
De eigener hat dêrop in nije fergunning oanfrege. Neffens de boargemaster kin de eigener no wol foldwaan oan alle easken en betingsten. Feu en Champino kinne dêrom wer iepen.