CU wol dat provinsje gasboarrings Langsweagen ûndersiket

04 feb 2016 - 14:59
  • (stockfoto)

De provinsje moat sjen nei de plannen foar gasboarrings by Langsweagen. Dat fynt de fraksje fan de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. It Ryk hat gasbedriuw Vermilion in fergunning jûn foar nije gasboarrings by Langsweagen. Minsken dy't der wenje meitsje har dêr soargen oer. De ChristenUnie wol no witte wat de provinsje docht om dy soargen fuort te nimmen en om nije boarrings tsjin te hâlden.

Provinsjale Steaten ha ferline jier besletten om gjin nije boarrings yn Fryslân ta te stean. Offisjeel giet it Ryk oer fergunningen om nei gas te boarjen, mar de provinsje kin der wol oer advisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)