Frjentsjer fangt 200 flechtlingen op

04 feb 2016 - 14:32

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Frjentsjerteradiel stimt yn mei de komst fan in opfanglokaasje fan maksimaal 200 flechtlingen. De flechtlingen soene ûnderbrocht wurde moatte yn it eardere hotel De Valk yn Frjentsjer.

It soe gean om in tydlike opfang foar maksimaal twa jier. De ried moat noch prate oer de komst fan de flechtlingen. Dat sil letter dizze moanne barre.

By omwenners fan it hotel is der in soad ferset. Benammen by it fersoargingshûs De Froonacker dat neist it hotel stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)