Friezinne helpt flechtlingen yn 'jungle' fan Duinkerken

In 23-jierrige ynwenster fan Skylge bivakkearret al in moanne yn de saneamde 'jungle' fan Duinkerken. Dêr binne sa'n trijetûzen foaral Koerdyske flechtlingen yn in yllegaal flechtlingekamp, dy't hoopje dat se op in dei oerstekke kinne nei Ingelân. De flechtlingen ferbliuwe dêr yn tinten yn de modder yn primitive omstannichheden.
Artsen sûnder grinzen is op dit stuit dwaande mei de oanlis fan in nij, minder primityf flechtlingekamp, mar oant dat it nije kamp klear is set Samantha van Urk har belangeleas yn foar de flechtlingen fan it kamp. Hielendal ûngefaarlik is dat net, want der binne gauris konflikten tusken minskesmokkelers. Se hâldt har ûnder oare dwaande mei it iten foar de flechtlingen.