Princessehof brûkt donaasje foar werynrjochting museum

04 feb 2016 - 12:59
  • Kris Callens, direkteur fan Keramiekmuseum Princessehof en it Fries Museum

It jild dat keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert krigen hat fan de BankGiro Loterij, wurdt brûkt foar in werynrjochting fan it museum. Dat seit direkteur Kris Callens.

It keramykmuseum hat 350.000 euro krigen. Dêrfan wurdt in nije tagong betelle, in nije winkel en in nije teesalon. Boppedat kin der begûn wurde mei de útwurking fan de plannen foar de tún. Callens wol dy brûke foar aktiviteiten en eveneminten.

100-jierrich jubileum

It keramykmuseum bestiet yn 2017 hûndert jier. Mei troch it jild, kin it jubileum yn folle gloarje fierd wurde, seit Callens. It Fries Museum hat 200.000 euro krigen fan de BankGiro Loterij.

Woansdei waard bekend dat beide musea in donaasje krije fan de Bankgiroloterij. De jildprizen binne woansdeitejûn útrikt op it Goed Geld Gala fan de lotterij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)