Mien Skip: Mei boupakket je eigen elektryske boat bouwe

04 feb 2016 - 12:10
  • It earste Mien Skip wurdt op dit stuit boud op de werf fan ROC Friese Poort yn Snits
  • Yn 2018 moatte der 50 fan dizze Mien Skippen yn Fryslân farre

De Stifting Elektrysk Farre Fryslân komt spesjaal foar Kulturele Haadstêd 2018 mei in boat dy't je sels ynelkoar sette moatte. De boat, mei de namme Mien Skip, wurdt as boupakket by de klant ôflevere.

De stifting rjochtet him benammen op ferienings as keaper. It idee is dat de boat ynelkoar set wurdt troch de mienskip dy't him keapet. Elektrysk Farren Fryslân wol sa it elektrysk farren berikber meitsje foar in gruttere groep.

Legere kosten

Troch in diel fan de bou fan it skip troch de keaper sels dwaan te litten, binne de kosten leger as oars. Yn 2018 moatte der 50 fan dizze Mien Skippen yn Fryslân farre. It earste wurdt op dit stuit boud op de werf fan ROC Friese Poort yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)