Kollum: "Boekhannel tydlik oernaam"

04 feb 2016 - 08:28
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op twitter

"Der wie ris in boekhannel yn Drachten. Sa soe in mearke begjinne kinne, mar dit ferhaal is gjin mearke, mar echt wier. Der is in soad te dwaan oer alles dat mei boeken en lêzen te krijen hat. De measte senario’s sprekke fan de ûntlêzing dy’t mei grutte stappen troch de porsleinkast fan de boeken banjert. En dan ha we it noch net iens oer it Frysk. Dat hat altyd al in namme fan dreech en net troch te kommen. Mar is der dan neat aardichs, ludyks en hoopfols te melden oer de boekenwrâld en it lêzen? Fansels wol. De jongerein appt yn it Frysk dat it sta seit en sa soe de sosjale media wolris de rêding fan de taal wurde kinne. Dat hie nimmen tinke kinnen, wy sjogge allinnich mar bern dy’t fergroeid lykje mei in mobyl yn de hân, in tablet op skoat en in laptop op de keukentafel der by oan. Dat frustrearret miskien de kontakten sa as wy earder wend wienen te ûnderhâlden, mar dan tinke wy it glês wer ris heal leech. Dêr binne wy dochs al hiel goed yn. De positive kant is dat de bern yn harren kontakten it Frysk brûke.
 
Ja, der wie ris in boekwinkel yn Drachten. Oan de Noorderbuurt. In bloeiende boekhannel, fan fier rûnom Drachten wisten de minsken it paad nei dizze winkel te finen. De sfear wie ien sa as dy yn in boekwinkel wêze moat. It gie yn dy winkel oer boeken. Net as byprodukt, mar as basisprodukt. Dêr yn dy Drachtster boekwinkel wurken in stik as tsien froulju, dy’t neidat de winkel troch in oar konsern oernaam waard altyd meielkoar yn kontakt bleaun binne. Sa no en dan resultearre dat yn mini reuny’s dêr’t âlde ferhalen ophelle waarden, soms bleau it by gewoan in ôfspraak fan in pear eks kollega’s om by elkoar op de kofje te kommen. Mar de boekeferkeapsters ferlearen nea hielendal út it each, mei troch de sosjale media. Dy ferhipte sosjale media, witte jim noch wol? 

Yn Surhústerfean is ek in boekwinkel. Om argewaasje foar te kommen sil ik gjin namme neame, ik wol út noch yn net beskuldige wurde fan it meitsjen fan reklame. Mar it ferhaal is sa aardich dat ik it wol graach fertelle wol. De baas fan dy boekwinkel yn Surhústerfean is krekt in gewoan minske. Dat wol sizze dat hy om syn jild te fertsjinjen sels hast altyd yn dy winkel stean moat. Sa as safolle minsken mei in winkel dat dwaan moatte. In blik mei personeel iepenlûke is net oan de oarder, dat kin de brune net lûke. Ien fan de froulju dy’t earder yn de boekwinkel oan de Noorderbuurt yn Drachten wurke, komt geregeld by dizze boekwinkel yn Surhústerfean. It is in lytse wrâld, dus is it in spultsje fan men kent men yn de boekebusiness. De baas fan de winkel fertelde dat hy eins nea mei fakânsje kin, om boppesteande reden. En doe foel it kwartsje. De froulju fan de eardere boekwinkel oan de Noorderbuurt yn Drachten namen fia dy aaklige sosjale media kontakt meielkoar op en betochten in plan. Want wat soe it moai wêze om nochris âlderwetsk boekwinkeltsje te boartsjen yn in folslein ynrjochte, echte boekwinkel. Dy fertroude lucht fan boeken op te snuven en mei de âld kollega’s in pear moaie dagen te hawwen, wylst de baas fan de boekwinkel yn Surhústerfean einliks in pear dagen op de kletter kin yn de wittenskip dat der in bak oan boekferkeap ûnderfining yn syn winkel efterbliuwt en hy him hielendal gjin soargen hoecht te meitsjen.

En zo geschiedde. 

Hjoed, moarn en sneon wurdt de boekhannel yn Surhústerfean bestierd troch de solide ferkeap masine fan de eardere boekhannel Brouwer yn Drachten. En it is allegearre leafdewurk âld papier. Sneon geane de froulju as slotstik út iten, ha ik begrepen.

En der soe neat fleurichs, aardichs of ludyks oer de boekewrâld te melden wêze? Der skine dizze dagen ek noch wat aktiviteiten plak te finen, mar ik mei gjin reklame meitsje. It iennichste dat ik jo oanriede kin is dy ferhipte sosjale media mar ôf te strunen, dan komme jo noch wolris wat aardige saken tsjin. Ek oer boeken."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)