Oanhâldings foar brânstifting

18 apr 2012 - 10:40

De plysje hat dizze wike twa manlju út Kollumersweach oanhâlden op fertinking fan brânstifting. De twa fan 19 en 21 jier soene yn de nacht fan 16 op 17 febrewaris twa konteners by in hûs oan de Bjirkenhof yn 'e brân stutsen ha wylst de bewenner en syn freondinne leine te sliepen. Dy koene it hûs op tiid ferlitte en de brân sels blusse mei in túnslang.

Nei ûndersyk die bliken dat de 19-jierrige man net by de brân belutsen wie. De 21-jierrige man wurdt ynkoarten foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)